Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn de takomst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin hûndert meter leit dertusken,
beide binne takomst, ien fan doel,
de baan is dreech, de skonken brutsen,
’t hat te krijen mei ’t gefoel.

Image

Noch bern, mar wol op ’t glêde weagje
mei twa smelle izers op ‘e baan,
hoe lang dy foar ’t gefoel ek eaget,
folop sil ’t foldwaning jaan.

Al sterk, dus bealgje op ‘e brêge
oer de Swette, planken riderheech
en om in grut publyk te dragen,
foar ’t gefoel is ’t noch te leech.

Image

En as it yn de takomst heve
sil, dan binne bern en iis al sterk
en kin de brêge wat belibje,
wurdt der âle: ‘Earste, Tsjerk!’

admin

Dea op ‘e rûte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hie de rûte al ferkend,
syn tocht fan alve plakken,
wie net oan it libben wend
fan snie en stean by wekken.

It fangen waard wat minder fûl,
hy kriich se net te pakken,
miste op ‘en doer syn doel,
fernaam de honger stekken.

Doe fleach er stadich nei de stêd,
stie stil mei stive nekke,
miuwen wiene wol sa rêd,
hy hearde by de swakken.

Fergees hat er noch hichte socht,
mar is nei ’t iis ta sakke,
op ‘e rûte fan de tocht
is er yn ’t wetter rekke.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum