Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferstoarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It kaam yn de berjochten foar,
mar ’t wie hast net te leauwen,
fan de deade noch gjin spoar.Der lei noch snie, de grûn wie hurd,
ik hearde fûgels skreauwen;
koe men oan op boades wurd?

Image

Doe ware dize oer it gea,
ik seach de reade râne,
’t krús fertelde fan de dea.

Nijsgjirrich wie ‘k, dus rûn ik troch,
fernaam de sêfte sône,
draaide nei de berm en sjoch:

It tichte grêf fan smoarge snie,
it teide tsjokke triennen,
ik wist doe wa’t begroeven wie.

Image

admin

Eva en Deborah

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It lok rûn mei har op
en leafde bloeide om har hinne
as de bloesem fan in apelbeam;
der wie gjin reade stop,
dat sy koe neaken fierder rinne.

Image

De stam hold har net tsjin,
dat sy koe maklik by de apel,
dy’t har taglom as in glêde dream;
de hap wie net nei ’t sin
en fierder neaken like stapel.

Har sin gie út nei klean,
dy’t knipend kamen om har hinne,
’t wie it fruchtfleis fan de apel, dat
sy koe net langer stean,
lit stean fan neaken fierder rinne.

Image

Sjoch dy ferstive lea,
de tiden troch sa langút lizze
troch it fruchtfleis fan de apel, dat
ferwiist nei druk en dea,
mar pitten sille bloei foarsizze.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum