Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sittend sjen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Dêr sit er, Ulbe Zwaga,
mar net op it roer;
de hannen dy’t him jokje,
lit er hjoed net sjen,
foar him is ’t silen oer.

In knoop kaam yn de mage
nei in klapke tsjin
it kontsje fan De Jouwer;
skea wie net te sjen,
foar Ulbe wiisde ’t min.

Sy steane sûnder fragen
mei in antwurd klear:
de flagge oan it stokje,
foar in elk te sjen,
de Pan krijt hjoed de ear.

Image

admin

Hillige striid

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Is it skûtsjesilen hillich wurden
mei de wijreekstok foar ’t seil?
De skipper siket grif syn heil
mei wynstil waar by alterwurden:

Jou ús fan ‘e middei fûle twirren,
sadat kreakje mêst en gyk,
dan is Langwar ús keninkryk
en wurdt it wynliet iepenbierre.

Image

Kin men fan it roomske alter sprekke
mei in fint as Arabier?
Hy sjocht it helmhout oan foar dier:
’t kamiel rint mei in bleate nekke.

Image

Twa âld-skippers litte har net kenne,
jassen oan mei smoarhjit waar,
de fûst omheech tsjin it gefaar
dat Arabieren it hjoed winne.

Op ‘e finish wurde skippers bruorren,
hân yn hân de einstreek oer,
’t wurdt foar de Arabier in toer,
de blanke keart him as in muorre.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum