Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oer ferskroeide ierde

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Louis Lejeune*

It gie foar wûnder oer de grins
fan Ruslân mei in legermacht
fan sân kear hûnderttûzen;
gjin Rus hold by de grins de wacht,
gjin Frânsman tocht: dit spul hat lûzen.

It gie wat minder as de winsk
wie fan de generale stêf:
de leechte fan de ierde,
ferskroeid en feal, wie as it grêf,
hie oan gjin Frânsman wat te bieden.

It gie nei Moskou, sûnder mis,
mei mûlen smachtsjend fan de toarst,
dy’t sloarpen giftich wetter;
de lea ferskroeiden fan de koarts,
de tiid rûn troch, ’t waard stadich letter.

It gie net sûnder fûle striid
by Borodino, skot nei skot,
in fjildslach as de tonger,
de Rus hold iepen ’t Frânske lot,
it gie op Moskou oan mei honger.

Image

* Louis Lejeune (1775-1848)
Skilderij ‘Slach by Borodino’

admin

Jierdeisfjoer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Smolensk, stêd mei tsjokke muorren,
hege tuorren, hillich yn it ryk,
de Dnjepr streamt en sjongt allyk
de pryster foar syn tûzen bruorren.

Lit it Frânske leger sjonge
foar Napoleon, syn jierdei fiert
er wylst er al foar Smolensk stiet,
in lûd jûchhei fan tûzen tongen.

Image

Smolensk brânt troch de mortieren,
mar de muorren binne meters tsjok,
de Dnjepr sjongt fan lok en flok,
de Frânsman hat noch neat te fieren.

Lit it Frânske leger komme,
fine yn de stêd de hel allyk,
it fjoer ferskroeide mannich lyk,
it sjongen is al lang ferstomme.

Smolensk, stêd fan swarte muorren,
skeinde tuorren, keizerlik fersin,
foar ’t Frânske leger gjin gewin,
want rûnom smeule foarrieskuorren.

* Skilderij ‘Slach by Smolensk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum