Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Takomst foar tradysje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Opfallend yn it deadske gea
is dêr de kleureflits
sa tusken rails en stiel,
hjir stopje sil er nea:
tradysje is gjin diel
fan dit moderne Snits.

Image

’t Moderne leit yn ’t kâlde noard
mei rjochtop skier beton,
fersierd mei skriel klimop,
hjir is de kleur akkoart:
read foar in rappe stop
en wyt foar it perron.

It stiel ferwiist nei ’t waarme súd
mei stokers op it spoar
dy’t soargje foar it fjoer,
it giet de stoomkant út:
swart op tradysjetoer,
want dêr is takomst foar.

Image

admin

Polygamy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It kleure wyt, it hûs yn brulloftstoai,
want Snits hie ’t fjouwerfâld te fieren,
de stoere stêd gie fleurich oan de roai,
’t model wie fan de Arabieren.

It wie gau klear, it houlik polygaam
fan aard, wol fjouwer kreaze wiven,
dy’t harken nei de man, mak as in laam,
mar wol mei wûndermoaie liven.

It wie noch winter, ’t koe net sûnder klean,
de man seach har noch net yn ’t neaken,
sels wied er ek net bleat fan krún oant tean,
wa wie sa’n houlik noch ta beaken?

De winterskilder mei syn kleurekwast,
dy’t fuortstrykt alle skurve plakken,
sadat it fiiftal polygaam dochs past,
mar wa nimt letter wa te pakken?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum