Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan pake nei ING

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie foar de hage fan de tsjerke
dêr’t ik as ferlegen jonke stie
op klompen en yn bûnte overall,
earmoedich sa’t it destiids wie,
mar wat soe ik dêr doe fan merke?

It wie ús pake Annes sizzen
dat it siet grif yn de skippersklean,
men soe it ha fan serieuze lol;
as skipper moast dyn man wol stean
en net foar dweil op ’t durkslûk lizze.

Image

It barde yn de feart fan Drinte
dat de brêgewachters wiene net
sa rap, behalve mei de klomp foar tol;
foar skippers wie de tiid de wet
fan flugger lade ek mear sinten.

Dat pake hat him doe gau hise
yn syn streekjesbroek en swellesturt
en as minister spuid de skippersgal;
de brêgewachters rûnen hurd,
want om har tol no te ferliezen…

Image

Sa learde dat ferlegen jonkje
hoe’t er him by need ferstrûpe koe
om swarte gal te spuien foar de lol,
mar dochs ek serieus, want soe
ús tol de bonus ryklik dongje?

’t Wie achter ING syn glêzen
dat it streekjespak my klauwen joech
dy’t fochten foar de euroliuw syn fal:
soms wurdt de ienfâld deftich rûch
om ien mei ’t sljochte folk te wêzen.

Image

admin

Ut glop en steech

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn de earmen sletten troch de stêd,
sa leit er noch yn winterkleed,
hy hat wol skjin syn nocht fan ’t wetterbêd.

Fan de brêge hat er noch gjin weet,
de hiele winter wie dy ticht
en kriich gjin fragen oer te smel of breed.

Yn de maitiid ropt lykwols de plicht:
it wetter op, de klap omheech!
It meganisme wurket net… te licht.

Alle seinen read, it liket dreech,
fan kyl oant top riist dochs de hoop:
de fierte winkt, dus syl út glop en steech.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum