Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Europeesk kaartspul

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Baptiste Isabey*

Yn Wenen waard it kaartspul skodde
foar de kening, net foar frou of boer,
de ruten iepen nei Europa,
alle herten koene dêr wol oer,
de klavers bloeiden yn de greiden,
mar de boer kriich inkeld skoppen.

Napoleon koe it wol skodzje,
earst op Elba, Sint Helena doe,
foar him gjin rút mear nei Europa,
al hoe graach hy dat ek wolle soe,
gjin hoanne dy’t dêr nei him kraaide,
wol de boer, want dy moast bodzje.

Image

Yn Wenen wiene diplomaten
foar breed oerlis hoe’t it fierder moast
mei alle grinzen fan Europa
neffens nocht en rjocht fan elke foarst;
gjin kneppel dy’t oer hollen swaaide,
want elk hie de bêste kaarten.

By ’t kaartspul waard net inkeld praten,
tûzen dûnsers stampten oer de flier
ta ’t grinsleas heil fan hiel Europa;
buken bollen fan de wyn en ’t bier,
yn ’t pismiel koene hûnen baaie,
mar de boer hie minder baten.

* Jean Baptiste Isabey (1767-1855)
Tekening ‘Kongres fan Wenen’

admin

Hertsear op Sint Helena

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Benjamin Robert Haydon*

Nei Waterloo asyl yn Ingelân?
De keizer hat dat wiswier frege,
mar Europa wie wat oars fan doel,
woe mei de Frânsman út ‘e brân
en gunde him net wer de sege.

Nei Sint Helena, ’t fiere ballingsoard,
in lange seereis fan tsien wiken
mei fjouwer diplomaten foar it praat,
mar doe’t it selskip kaam fan board,
wie ’t stil, de bou net ôf, die bliken.

In muorre om ’t gebou fan fjouwer myl,
in wacht fan hûnderten soldaten
en fiif oarlochsskippen foar de eilânskust,
’t wie oars as ’t Ingelske asyl,
gjin taak mear foar de diplomaten.

Gjin sprake fan in keizerlike taak,
’t wie alles foar ferdivedaasje:
hynsteriden, túnwurk en ’t bestean op skrift,
ferfeling wie in minne saak
mei ’t stoarjend tinken oer de naasje.

Image

De keizerlike krêft kaam yn ferfal,
mar mei syn geast foel net te spotten:
hy besleat, syn hert soe ûndergean yn wyn,
syn sizzen tsjûge fan syn rol:
‘Ik hie yn Moskou stjerre moatten.’

* Benjamin Robert Haydon (1786-1846)
Skilderij ‘Napoleon op Sint Helena’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum