Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Geastlik foer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dy nacht klonk klap op klap,
it hiele swurk wie yn de ban
fan flitsend fjoer,
ik skrok der wekker fan
en hie it krap.

De rattel op it dak
fan rein en heil, ik ûndergong
it as de floed
dy’t troch de diken krong,
fan plak nei plak.

Ik tocht oan skiep en ree,
foar harren gjin ûntkommen oan
yn ’t lege gea,
‘k ferwachte yn de moarn
in hege see.

Mar sjoch, der bôgen oer
de skiep de kleuren fan de hoop,
in stilsteand ljocht,
gjin dier gie op ‘e loop
foar ’t geastlik foer.

Image

admin

Mei de tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tiid ferstrykt, de bloei is oer,
it stal wurdt bûgd, de holle keal,
it libben hat gjin doer.

Se wiene sterk lykas in bear
en klauden wurk oan, foar de bern,
it gie fan mear nei mear.

De tiid ferrûn, de kym waard skier,
de fierte wie net mear ts sjen,
’t bestean ferlear syn sier.

In sierlik byld dûkt lykwols op,
it giet net mei de tiid ferlern
wat stribbet nei de top.

It bloeide wyt en yn it rûn,
al sjocht men faak de kym mar heal,
de libbenstiid is jûn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum