Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wiid sicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid jout de trend wer oan
lykas de hiele moanne maart:
in âlde skiere ansichtkaart,
nostalgysk, pake wit it skoan.

De lûken wiene wyt fan ryp,
it izer fielde kâld as iis,
yn ien dei waard ús pake griis,
readgloeiend fan de Spaanske gryp.

De mêst wie smel by beam en toer,
it seil lei dweilslop op ‘e gyk,
mar pake hold it, waard gjin lyk,
hy skôge wer it libben oer.

Nei elke winter komt de tiid
fan iepen wetter, iepen each
foar ’t warber spul fan wyn en weach
mei sicht lykas de wrâld sa wiid.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum