Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Allinne winne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De dei begjint, mar starte docht gjinien,
de hoarnboat leit ferlern, allinne
yn de wiidte fan de mar;
ik bin allinnich mei syn lot begien,
sil by him lâns, want hjoed wol ‘k winne.

De middei soarget foar in suchtsje wyn
en fluitsjend túch ik op, allinne
skuorre oan it dûbelfal
en stiet it seil, dan syl ‘k de fierte yn,
allinnich wit ik net wêrhinne.

It koeltsje driuwt my by de startboat lâns,
de topposysje is hjoed mines
mei de loete yn de fok,
de wiidte fan de mar jout my de kâns,
jûchheiend syl ik troch de finish.

Image

admin

Moarntiidsfûgel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It tsjuster waret yn it rûn
fan beam op beam as einbeslút
want wetter lûkt it ljocht al oan
troch wite walen hinne
dy’t bedekke noch de bleate moarn,
mar sjoch, de dei slacht al de wjukken út
by ’t opgean fan de sinne.

De fûgel lit syn fearren sjen,
in flokpatroan tsjin ’t djippe blau
dat noeget nei ûneinichheid
troch al ’t beheinde hinne
as it lok fan brêgeman en breid,
sa fljocht de fûgel oer de walen dau,
de kop al yn de sinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum