Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rots as fûst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De Nui-baai mei syn hege rots,
dy’t as in fûst omheechstekt,
iuwenlang foar de oerwinning
fan ’t natuerlike bestean,
mar hoe soe ’t fierder gean?

De film ‘The Beach’ spriek tige oan,
dat wa’t dy sjoen hie, kaam nei
Tailân ta om waar te nimmen
hoe’t de werklikheid dêr wie,
mar hoe’t it fierder gie?

Toeristen taasten ’t libben oan
yn de natoer, it útsicht
koe dêrnei gjin sprekken lije,
der waard plante nij koraal…
’t ferfolch fan dit ferhaal?

De Nui-baai mei syn hege rots,
dy’t as in fûst omheechstekt,
hat in dûbele betsjutting:
lilk en lokkich tagelyk,
want ryk komt wer nei bryk.

* Foto ‘Utsicht oer de Nui-baai yn Tailân’
 

admin

Tusken slak en flinter

Keunst

fan Frans van Mieris*

De slak op stien, de flinter op klimop,
hy draacht syn hûs hiel stadich mei,
sy rêst in skoft fan ’t wjukjen út,
mar sil dêrnei wer fierder fleane,
klimmend nei de top.

Hy skôget al in oere ’t libben oer,
dat muzikaal mei fleur begûn,
hy seach mei langstme dernei út
hoe’t syn fioele wjukke nei de
top mei him as stjoer.

No leit it ynstrumint op hurde stien,
dy’t kâldwei him de wierheid seit:
mei stive fingers is it út,
as slak hâldsto gjin wize, hâld mar
op, mei dy is ’t dien.

Hy nimt in slok, dêrnei ek in garnaal,
sa tusken slak en flinter yn
fertelt er skôgjend syn ferhaal.

* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘De âlde fioelespiler’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum