Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wêr is de profeet?

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It galmet troch de ieuwen hinne
fan ’t befel: ‘Ik sis, jou acht!’
De wurden om mear macht te winnen,
mar de dei ferkeart dan faak yn nacht.

Image
Domenico Fetti

Dan Mozes, hoeder fan de keppel,
dy’t it opnaam tsjin de macht
fan farao, dy’t mei de kneppel
swierder makke ’t wurk mei stiennefracht.

De wurden lôgen yn de flammen:
‘Ik ûnthjit: Ik bin derby,
gean hinne, hoeder, yn myn Namme,
meitsje ’t slavefolk fan wrotten frij!’

Image
Rembrandt

Dan Jezus mei syn keppel, tolve
earst en letter… wa hat teld?
Hy wie as hoeder tusken wolven,
as profeet hat Hy de wierheid meld.

En Fedde yn de Fryske krite
hat fol fjoer de kneppel keard
fan ûnrjocht, woe de wapens slite
fan dejinge dy’t de machtskearn leart.

Image

Mar hjoed de dei, wa sil it sizze?
Is der noch wol ien profeet?
As kneppels swypkje, swakken lizze
litte, sprekt allinnich de proleet.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum