Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simmerrak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sjoch net achterom, sa wol it stribjen,
want it paad liedt nei noch mear,
doch do it better as dyn âlde hear
dy’t gjin aan hie hoe te libjen.

Image

Sjoch gjin boatsje driuwen, mar nei skippen
mei de mêsten yn de wolk,
dy’t delsjocht op it sljochte skipkefolk,
kin dat dy in moer ferhippe?

Dochs kin ik it sjen werom net litte,
want wêr’t rint de bûlevaar,
wie ’t Simmerrak mei altyd winterwaar,
dêr koe heit wol noflik sitte.

Image
Foto: Gemeente-argyf Snits

‘k Sjoch de bern stean op ‘e klinkertstrjitte,
feest fanwege it portret,
mar fierder rint har stroffelpaadsje net,
dêr koe mem wolris mei sitte.

Image
Foto: Frysk Skipfeart Museum

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum