Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krisis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se wisten harren wenplak wol,
it krieëfolk fan state Epema
yn beammen oan de krún ta fol.

It wie it folk fan kwizekwânsje
mei in eptich, adellik aksint,
dat delseach op wa’t stint
om frettende te bliuwen,
libjend op it rântsje.

De eale jonkers bouden nêsten,
makken ’t froufolk foar it brieden klear,
bestrieken flerk en fear
om yn de pronk te bliuwen
as de alderbêsten.

Image

Gjin noed om ’t jongfolk grut te bringen,
want de tafel ûnder har wie klear,
se giene deroer gear
om yn de loft te bliuwen,
sterk yn ’t ûnderlinge.

De krisis kaam mei minne tiden,
’t fjild lei keal derby, ’t feest foar de boer
wie foar de eallju soer,
gjin krêft om heech te bliuwen,
dei om del te gliden.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum