Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It ferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hie syn libben lang studearre
skiednis fan de Fryske grûn,
it lichem dêr’t it wetter
as it brûzjend bloed trochhinne rûn.

Hy hie noch graach wat fierder libbe,
krukkend oer de Grienedyk,
om’t hy dit lân wurdearre,
’t wie syn lichem, bloed, syn keninkryk.

Syn eigen ryk waard hieltyd lytser
mei’t de wyn gjin krêft mear hie
en doe’t it bloed stagnearre,
wist men dat er sels ferline wie.

Ek hy hie jierren al studearre,
sa’t er sels teminsten sei,
de takomst lei him better
oer de ynternasjonale wei.

Hy wie noch jong, it koe wat lije,
foar’t er troch de finish wie,
syn libben wie basearre
op in wierheid dy’t gjin wearde hie.

Syn wierheid liet de wyn ferwaaie
dat der wie gjin hâlden oan,
syn azem is stagnearre
troch de lêste krêft fan eigen hân.

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum