De loft wie swier fan wetter, 
gewicht dat spatte del 
op statebosk en tsjerke 
fan alle kanten wel, 
dy’t kolkte en net folle letter…
  
… riisde ’t peil fan sleat en feart 
by wynstil waar ynienen 
spegeljend de wolkeloft, 
ynliste tusken griene 
reiden en it duorre net sa’n skoft… 
  
… as op ‘e diken streamde 
it folk nei feilich oard, 
de lêste klom nei boppen, 
hy miste bus en boat 
en siet op hege toan te roppen… 
  
… oant de himel klearre op, 
ien wolk noch, yn in lôge 
kleurjend read nei violet 
en sjoch hoe’t beide bôgen 
ha beskaafd de hege status set… 
  
… mar heger noch as state 
stie slank de tsjerketoer 
en hat doe net de bôge, 
al wie it mar fan koarte doer, 
de hoop foar hiel Ysbrechtum skôge? 
 
  |