Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ezelwraak

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Spanjaard hat him nei Bonaire brocht,
de ezel as ferballe út it eigen gea,
in slavebist mei op ‘e rêch de lêst
dy’t hy oer ’t eilân drage mocht
as geunst foar ’t rinnen oant syn dea.

Mar doe’t de fjouwerpoat oerstallich waard,
de motor fjouwer tsjillen yn beweging brocht,
ferlear it slavebist de geunst en lêst,
hy mocht bewege nei syn aard
en hat yn ’t rinnen frijheid socht.

De fjouwer tsjillen kamen him tenei
by ’t yn de hjitte sykjen fan syn deistich miel,
sa rûn er mei de honger as syn lêst
tsjin ’t motorjeien op ‘e wei,
de dea yn frijheid wie syn diel.

Syn fjouwerhûndert maten ha no nocht
en wille, rinnend yn it eigen ezelpark,
besoargje fjouwer tsjillen justjes lêst
út wraak op wat de Spanjaard brocht
en boppedat op ’t blikken ark.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum