Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Evolúsjedream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik bin in fûgel fan de nacht
en flean mei skerpe eagen
lûdleas oer it gea;
in mûs is ’t deistich brea,
myn wiisheid ken gjin leagen,
want de libbenswet nim ik yn acht.

Image

De leagen sprekt foar master op,
de mûs neamt my in moardner
om myn deistich brea,
al rekket er dan dea,
it is no ienkear oarder
dat it stomme proaidier hat de strop.

Ik bin in slieper troch de dei,
mar sit mei skerpe earen
stil te harkjen nei
hoe’t folk de wierheid draait:
de ezel soe wol leare
fan it skiep wat dy oan dommens sei.

Image

Doe seach ik út myn hege beam
de die fan skiep en ezel
út ‘e wiisheid wei
en hoe’t dat fierder draait:
de berte fan in skezel,
mar dy evolúsje wie in dream.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum