oktober 9, 2016
De fierte lit allinnich sjen de hege foarm, in obelisk, wat boppe-oan is, giet ferlern.
Wat tichterby jout dizich oan in see-earn loerend op in fisk, sa falt de brêge út ‘e toan.
De minske giet de brêge oer, omdat er altyd fierder wol, in skipper stiet lykwols oan ’t roer.
In stjoerman stiet net op ien foet, syn stal is oars, net rûn en fol, yn heech ballet is hy net goed.
Sa hat de frou ús fierder brocht, wy ha it tichterby wol troch: sy rydt de Alvestêdetocht.
september 28, 2026
september 20, 2026