Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Alvestêdeskowers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kamen by ’t lemieren op it iis
yn Snits, de manlju yn it giel: ’t gie oan
mei ’t striken fan de skowers
oer wat waard de baan, fan wyt nei griis,
it wie de twadde yn de iere moarn,
it streke oan, de snie soe stowe.

It simmerskûtsje seach it skreppen oan,
foar him hie ’t iis de wetternocht bedoarn.

Image

’t Gie fierder by de oanlispeallen lâns,
mar lizze hold de skowers inkeld op,
se streken nei de brêge,
bôgen iepenen in nije kâns
foar giele gliders, altyd noch op kop
mei stive skonken, rûne rêgen.

It gloeilampskûtsje ljochte strieljend op,
foar him wie ’t winterwille op syn top.

De wetterpoarte joech in dûbellûk
mei Jikkes herberch, wettertoer en Kolk,
in stimulâns nei ’t glêde,
no al yn de rêst wie gjin gebrûk,
foaral net ûnder eagen fan it folk
dat rôp: ‘Kom op, nei Drylts, de tredde!’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum