Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wyt byld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hugo Simberg*
fan Juho Rissanen**

Koe de snie noch langer lizzen bliuwe
as dat jier yn ’t Finske Noard?
’t Ferfeelde mei de wrâld yn ’t wyt,
mar einlings gie de tiid akkoart
mei tûken dy’t hjoed folop wiuwe.

Image

’t Wie foar har, de dochter mei de namme
Beda, neamd nei beppe, faam
dy’t heal al op ‘e drompel stiet,
sy kriich fan heit it earste laam
as âldste fan de trije fammen.

Koe de snie noch langer lizzen bliuwe
as it om dit wite giet?

Krekt as is dit byld foar har ornearre,
beppe dy’t har dêryn sjocht
as famke op ‘e drompel dy’t
sy nommen hie nei ’t wite ljocht:
in himel ûnder tûzen stjerren.

Image

Koe de snie noch langer lizzen bliuwe
as dat byld foar eagen stiet?

* Hugo Simberg (1873-1917)
wie in Finske skilder dy’t skilderijen makke
tusken Finske folkloare en symbolisme.

** Juho Rissanen (1873-1950)
studearre û.o. by Ilja Repin
oan de Keunstakademy  te Sint Petersburch.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum