Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Famyljedrama

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacques-Louis David*

Image

It barde yn de âlde tiden
dat it stiel fan trije swurden klonk:
in fûle oprop om te striden.

It wiene twa kear trije bruorren
yn takomstich fjochtsjen mei elkoar,
mar lûd klonk ’t gûlen tusken muorren.

De susters hiene in relaasje
mei de manlju fan de tsjinpartij…
wa hearde by de rjochte naasje?

De heit brocht lykwols trije swurden
foar de soannen, striidber rikkend fier,
sy swarden mei famyljewurden.

It wiene susters dy’t it seagen,
hearden fan it libben én de dea
en winsken dat it wie in leagen.

* Jacques-Louis David (1748-1825)
wie hôfskilder fan Napoleon.
Hy skildere û.o. histoaryske tafrielen. 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum