Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Touterje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Honoré Fragonard*
fan Fr. Boucher**

Hy hie in moaie byldetún,
baron De Saint-Julien,
de muoite wurdich om te sjen,
sjedêr de eale as skarlún.

Neat hied er mei de barones,
mar wol mei syn Marie,
dy liet har sjen sa’t sy krekt wie:
in kreaze faam, goed by de les.

Image

Sy wie noch moaier as it byld
fan Venus yn it hôf,
hy joech har Skepper alle lof
foar ’t leauwe myld, de leafde wyld.

In touter hong heech yn de beam
foar ’t rappe hin en wer,
it op- en delgean fan syn stjer:
it hôf fan Eden yn de dream.

Sy sette ôf en krige gong
as fûgel yn de flecht,
de brede sturt wie libbensecht,
dêr’t hy hieltyd in glim fan fong.

Hy kriich in prachtich byld fan har
en wie rap út ‘e rie,
sy liet har sjen sa’t sy krekt wie,
de touter wie in goede kar.

Image

* Jean-Honoré Fragonard (1732-1806)
makke yn rokoko-styl ‘De touter’,
ien fan syn bekendste skilderijen.

** Fr. Boucher (1703-1770)
skildere op it hichtepunt fan syn karriêre
yn rokoko-styl ‘Lizzend neaken’.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum