Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spanje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salvador Dali*

Image

Hy hat krekt syn proai opfretten,
leit te wachtsjen op noch mear geweld,
de liuw as kening en tiran
yn Spanje, dêr’t gjin rjocht mear telt
en inkeld jilde oarlochswetten.

Trochsichtich stiet sy dêr te wachtsjen
mei allinnich fearren om de lea,
de Spaanske boppe yn de ban
fan boargerstriid ta eigen skea,
want sjoch hoe’t sy elkoarren slachtsje.

It kastke mei dy iene lade
hinget slop de reade lape út
fan ’t ûnbewuste yn de man,
dy’t foar de liuw ferwurdt ta bút,
sa falle oer it gea de skaden.

* Salvador Dali (1904-1989)
hat de Spaanske Boargeroarloch
op surrealistyske wize werjûn.
Hy flechte yn 1940 nei Amearika,
dêr’t er ferneamd waard.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum