Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pitsjaring

Keunst
PDF Print E-mail
fan W.J.J. Nuyen*

Image

It waar is rûch, de see stiet hol,
it rikket wyn en ’t liket need
troch reek dy’t oer de weagen wynderet;
de trije boaten sitte fol,
mar binne ’t rêders by de fleet?

De Ruyter hat as admiraal
Pitsjaring seind, foar ’t sjitten rie,
sjoch hoe’t de wite flagge wapperet;
it is foar kapiteins de taal
fan ’t wurd foar ’t kommen ta de die.

De skilder rôp himsels ta rie
by’t skôgjen fan syn wyt paniel,
seach foar him hoe’t de boaten skommelen,
kaam mei syn roeiriem ta de die
en naam sa oan Pitsjaring diel.

* W.J.J. Nuijen (1813-1839) makke reizen
by de kust lâns oant Normandië ta.
Pitsjaring is ôflaat fan it Maleiske wurd
‘bitjara’, dat oerlizze of rieplachtsje betsjut.
‘Op wei nei it admiraalskip’ is skildere
op in panieltsje fan 32,5 x 39 cm.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum