Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De lêste tûfe

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Rochussen*

Image

It hat wat fan in kapperssaak,
wol fier werom yn de histoarje,
’t moast mar koart, sa wie har wins,
doe koe de kapper krekt syn taak,
har oansjen moast feroarje.

’t Wie wol wat revolúsjonêr
hoe’t Frânske knippers ’t koarter diene,
’t libben wie hast by de grins,
Elisabeth wist hoe en wêr
en wa’t foar har ek giene.

De frou foar har hie ’t hier pikswart,
yn ’t needlot wie it har freondinne
dy’t al gie, wylst sy hie lins,
omdat har hier wie noch net koart
genôch om al dêrhinne.

Sy seach dy’t wachten efkes oan
en liet noch ’t wite oansjen skine,
mar gjinien fan har wie prins;
ien tûfe noch dan foel har kroan,
foar har de guillotine.

* Charles Rochussen (1814-1894) syn keunstwurk hjit
‘Madama Elisabeth fan Frankryk yn de konzjerzjery,
10 maaie 1794’.
Elisabeth wie de suster fan kening Lodewijk XVI.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum