Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paus Innocentius X

Keunst
PDF Print E-mail
fan Diego Velázquez*

Image

Dêr sit er dan mei trije kear it read,
de paus, as Petrus minskefisker
en as Kristus freonlik: ‘Folgje my.’
De ienfâld fan syn lege steat
ferblidet leken: ‘Heit, hjir rinne wy!’

Al fiifensantich, dan noch sa fitaal
en kreas as Petrus, minsketysker,
eagen fol fertrouwen: ‘Kom by my.’
In mûle mei in gol ferhaal,
dat leken roppe: ‘Heit, hjir binne wy!’

Doch ôf dy klots en cape fan glimmend read,
lit sakje ’t kleed en sis as wize
yn de lange ûnderbroek: ‘Jim folgje my?’
De ienfâld fan syn hege steat
lûkt minsken oan: ‘Ja, Kristus folgje wy!’

* Diego Velázquez (1599-1660)
waard berne yn Sevilla
en wie skilder oan it hôf
fan kening Filips IV.
Hy skildere realistysk,
net moaier as de minsken wiene.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum