Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paulus op Malta

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adam Elsheimer*

Image

It skip mei Rome as bestimming
slacht brutsen tsjin de rotsen oan,
mar ’t is noch lang net moarn,
benearjend is de stimming.

It rêden folk is bot ferklomme
en hinget op de wiete brot,
yn ’t neaken is it lot
fan dy’t út gaos komme.

Helpfeardich slepe de Maltezen
foar fjoer en mage brânstof oan,
want ’t is noch lang net moarn
foar ’t folk folslein ferwezen.

Ien hat lykwols gjin lege holle,
jout moed en tûken foar it fjoer,
mar ’t lijen is net oer,
it glydt nei fierste folle.

In njirre kronkelet út ‘e tûken
en falt de pols fan Paulus oan,
it is noch lang net moarn,
de dea kin him wol brûke.

Hy skoddet wol, mar net fan ’t lijen:
de njirre krijt in fjurrich lot,
gjin slang of mins is god,
sjedêr de moarn, in nije.

* Adam Elsheimer (sirka 1578-1610)
waard berne yn Frankfurt.
Hoewol’t er faak depressyf wie,
stie er bekend as de skilder
fan it ljocht.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum