Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fruit fan Mario

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caravaggio*

Image

Syn hannen klamme om de koer
mei fruchten fan de geefste soart,
sa is no ienkear Mario,
in jonge dy’t fan alles doart,
want Adams apel is foar him net soer.

De skilder liet syn skouder bleat,
lei erotyk op it gesicht,
de styl fan Caravaggio,
dy’t tilde oan ’t morele licht,
hy hat him ta de jongesleafde keard.

Doe waard foar Caravaggio
it read de kleur fan bloed troch moard
nêst leafde foar syn jonge freon;
hy fûn by him in feilich oard,
in geve kuorfol fruit fan Mario.

* Caravaggio (1571-1610) wie in skilder
dy’t earst yn earmoede libbe. Nei’t er
in moard begien hie, moast er flechtsje.
Hy waard troch Mario Minniti opheind.
Fan him hied er earder it skilderij
‘Jonge mei fruitkoer’ makke.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum