Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mozes en de santich âldsten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacob de Wit*

Image

De skilder hat in stúdzje makke
yn oaljeferve op paniel,
de opdracht waard syn diel
fan Amsterdam en rie.

Allinnich koed er it net meitsje
de lieder fan folk Israel,
mei rjocht en reden fel,
hie hy ferlet fan rie.

Wylst foar de blauwe tabernakel
de reek fan ’t offer riisde op,
klonk lûd de hege rop
foar santich yn de rie.

De geast besiele wize âldsten
om lieder Mozes by te stean
foar Israel te gean
nei ’t lân fan út ‘e rie.

De skilder hat it grutdoek makke
mei hoeders fan ’t folk Israel,
yn syn tiid it model
foar Amsterdam syn rie.

Image

* Jacob de Wit ( 1696-1754) krige
fan de stêd Amsterdam de opdracht
om in doek fan 12,55 by 5,20 meter
te skilderjen foar de Riedseal yn wat
hjoed de dei it Paleis op de Dam is.
De earste yllustraasje is de foarstúdzje.
De twadde yllustraasje is in detail
fan it doek.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum