Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libben spul

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joseph Wright of Derby*
fan David Klöcker Ehrenstrahl**

Image

It wie de ieu fan de foarútgong:
wa’t net fleanend siket, ek net wint,
lang libje it eksperimint
fan ’t hearskip mei de luchtpomp.

In pappegaai moast it ûntlije,
trouwe fûgel mei it minskelûd,
foar ’t pompefleanen ek wol goed,
hy soe him hymjend wije.

Wa’t woe koe ’t pompen observearje,
hoe’t de fûgel yn ’t luchtlege fleach;
al barde ’t mar mei ’t rjochtereach,
elk seach him triomfearjen.

De proef rûn nei de ein en draaide
nei in leech sukses as earder nea,
mar sjoch de pappegaai wie dea
en ’t hearskip pappegaaide.

Sjedêr it spul fan pappegaaien,
wylst de apen binne yn de klim,
sy hawwe by de swarte stim
en neat oer him te kleien.

Image

* Joseph Wright of Derby (1734-1797)
wie portret- en sjenreskilder.
Skilderij ‘Eksperimint mei in fûgel yn in luchtpomp’

** David Klöcker Ehrenstrahl ( 1628-1698)
Skilderij ‘Neger mei pappegaaien en apen’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum