Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Knipende kjeld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

It wie yn ’t koartste fan de dagen
doe’t de snie yn dunen lei
en ’t lêste ljocht troch ’t finster foel;
it skynde oer wat kniep dy dei
en amper wie te dragen.

Image

It boerelibben lei wol binnen,
mar de âlde hie it hiem
ferkend, dat wie de baas syn doel;
de lears fol snie en skuord de riem,
it bruide der frjemd hinne.

En wylst de dochter siet te spinnen,
skoansoan loarke oan in piip,
de kat spûn súntsjes by it fjoer,
hie pake suver ek de sliep,
dochs moast er moarn wer rinne.

Image

Mar hy hie rûn mei kâlde skonken
foar’t er yn de hutte kaam,
syn biddelrûntsje hold net oer;
gjin houtblok foar it fjoer, hy naam
’t yn hannen: syn tsien fonken.

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
skildere it libben fan it ienfâldige folk
yn Finlân.
Skilderij ‘Boerelibben’
Skilderij ‘Biddeljende jonge’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum