Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jurist

Keunst
PDF Print E-mail
fan Giuseppe Arcimboldo*

Image

Lit wêze ’t wurk fan de jurist
de wetten lêze en dan sizze
dat it rjocht gjin wierheid mist
om penitinsje op te lizzen.

Mar ’t wêzen fan de skynjurist
sit yn de mage en de strôte:
letters frette en sa is ’t
yn kombinaasje mei in sâlte.

Dan leit de wierheid yn ’t gesicht
fan rotte fisken, deade hinnen,
wit it bûnt fan rjocht noch plicht,
de swarte kape keart de sinne.

* Giuseppe Arcimboldo (sirka 1527-1593)
wie in keunstner út Milaan,
dy’t 25 jier wurke yn Wenen en Praach
yn tsjinst fan de keizers.
Hy wie mei syn fantastyske komposysjes
in foarrinner fan it surrealisme.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum