Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferkrêfting

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edgar Degas*

Image

It is net by him boppe kommen
doe’t er beide oanbrocht op it doek,
hy hie foar eagen ’t ledikant,
in kistke mei in wite doek
en op ‘e wand behang mei blommen.

Sy socht yn ’t laad fan de kommoade,
mar dat wie fansels mar flauwe kul,
hy kaam deryn, grimmitich want
sy hiene heech oprinnend spul,
ynwindich koed er har wol smoare.

Der kaam lykwols by oaren boppe
’t driigjend klikken fan de kaai yn ’t slot
en spieren oant it uterst spand,
begrutsjen om har kommend lot,
want kin in tichte kiel noch roppe?

Noch brânt de pit fel fan de lampe
en leit op bêd de strakke sprei,
de driging komt net fan dy kant,
want tsjin de doar stiet dûbeld hy
te sjen hoe’t har de lea ferkrampe.

* Edgar Degas (1834-1917)
wie in Frânske tekener en skilder
dy’t de boargers en artysten
fan Parys skerp observearre
en werjoech sa’t se wiene.
Letter is de titel ‘Ferkrêfting’
oan dit skilderij jûn.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum