juni 13, 2024
fan Juan de Valdés Leal*
Dêr leit er mei de tosken bleat
en eagen djip weisakke,
sjoch de fingers op syn stêf
en teannen dy’t nei boppen stekke,
sa fergiet de gloarje fan de wrâld.
Hy wie ta alles wol yn steat:
de leafde foar syn hûntsje,
ek de oarder oan de stêf
om yn in oarloch ta te stekken,
want it bloed fan oaren liet him kâld.
Wat goed wie of folslein ferkeard,
hy wie de foarst fan ’t oardiel,
wiisde rjochts-links mei syn stêf,
koe neisten yn de hichte stekke,
liet syn fijân bite yn it sâlt.
Dêr leit er yn ferfallen steat,
it kleed oer bleate bonken,
foar it each fan himelsk stêf
mei ’t oardiel oer syn dwaan en litten,
wylst syn geast gjin hege status hâldt.
* Juan de Valdés Leal (1622-1690)
Skilderij ‘Finis Gloriae Mundi’
november 14, 2024
november 7, 2024