Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eigen beweging

Keunst
PDF Print E-mail
fan Henri de Toulouse-Lautrec*
fan Georges Seurat**

Image

Se hie wat oars ferwachte
doe’t se nei it dûnsfeest gong,
omdat se sels ek song,
soms hiele nachten.

As stjer fan strjittestjerren
hie se altyd wol sukses,
soms wie se dûnseres,
ek wol tegearre.

Dêr sit se no allinne,
harkjend nei it dûnsorkest,
mei yn har kop de pest
oer neat te winnen.

Wat jouwe poeierdoazen,
kleurjend as de leafde read,
it giet jûn dochs ferkeard,
al rûkt se roazen.

Se sjocht hoe’t dy bewege,
skonken rjocht en withoeheech,
sy wit, ’t is like dreech
op eigen wegen.

Image

* Henri de Toulouse-Lautrec (1864-1901)
wie in leat fan de âlde Frânske adel,
mismakke en swier handikapt.
Behalve skilderijen makke er tekeningen
en affysjes.
Skilderij ‘Jonge frou oan in tafel’

** Georges Seurat (1859-1891)
wie in fertsjintwurdiger fan it pointillisme.
Hoewol eksperiminteel hiene syn skilderijen
in tiidleaze, klassike útstrieling.
Skilderij ‘Le Chahut’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum