Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De aai

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ferdinand Knopff*

Image

Sjen kin men wat foar eagen is,
de feint dy’t, foar de helte bleat,
de frjemde frou it wang ta keart,
de werklikheid sa goed as wis.

It tinken bynt it ein mei ’t oar,
mar kriget op dit byld gjin grip,
it spot mei elke wittenskip
en set de geast op djipper spoar.

It skôgjen liedt nei dûbel sin,
de sfinks as in klassyk symboal,
matearje as de iene poal,
de geast de oare foar ’t gewin.

Sa wint de feint de knappe frou,
har geast fiert him by ljochtskyndei
oer ’t rôze fjild, de giele wei,
de aai komt lykwols fan de klau.

* Ferdinand Knopff (1858-1921),
dy’t ûnder ynfloed fan de mystyk kaam,
wie yn de skilderkeunst ien fan de
fertsjintwurdigers fan it symbolisme.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum