Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aartsdiaken

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ilja Repin*

Image

Hy stiet op doek as libbensecht,
in man fan fleis en brûzjend bloed
dy’t harke nei in himelsk lûd,
syn libben naam in hege flecht.

As jonge wied er al in bear
mei spieren om derop te slaan,
syn hert moast lykwols lykwicht jaan,
oan Leave Hear kaam ta de ear.

Syn bloed koe net mei wetter ta,
de wodka joech it hillich fjoer,
syn smachtsjend fleis hie rêst noch doer,
foar ’t jûnsmiel woed er froulju ha.

Hoewol’t er wie fan fleis en bloed,
song er as bas mei lege stim
it himelhege liet foar Him
en makke sa syn sûnden goed.

* Ilja Repin (1844-1930)
makke it portret fan de aartsdiaken
earst as stúdzje foar in oar skilderij,
mar it waard in folweardich portret.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum