Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Leech geiteilân

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It liket op in kninekop,
de keale sône fan it eilân
dat ea neamd is nei de geiten,
mar gjin geit hâldt him dêr op.

It is in eilantsje fan neat,
net grutter as mar ien hektare;
wa ferklearret dan de feiten…
is de geit dêrta yn steat?

Maori’s lieten har hjir sjen,
wa wit mei withoefolle geiten,
dy’t sy foar har goaden slachten,
dat gjin geit kriich doe noch bern.

Wat oerbleau wie de kninekop,
want op dat plak woe neat mear groeie
om’t it geitebloed net achte
waard, noch klinkt dêrfan de rop.

Foto ‘Geiteilân’

admin

Kaliakra

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjedêr kaap Kaliakra,
fiergeand yn de Swarte See,
de kaap dy’t mei syn namme
ear bringt oan ien fan de fammen
dy’t it weagen fan de hichte ôf.

It wiene Ottomanen
dy’t feroveren dat stee
en sleaten fjirtich fammen
yn in grot, de kreaste flammen
fan it gea, sy kamen yn it nau.

It wie doe Kaliakra
dy’t betocht in fiergeand plan:
de iene bûn de hierren
oan dy fan de oare, stjerre
soene sy, ’t gie fan de hichte ôf.

Sjedêr de Ottomanen,
troch de fammen yn de ban,
sy seagen oan fan fierren
dat de fjirtich fammen leaver
stoaren as te wurden harren frou.

* Foto ‘Kaap Kaliakra’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum