Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Brutsen wite oaljefant

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hy krûpt út see wei
as in wite oaljefant,
de rots dy’t troch de tiden
hinne boppe wetter stekt…
komt hy nea oan de kant?

Hy hat al striden
mei de see sûnt it begjin
as rots, dy’t neat ferlieze
woe, mar doe kaam foar it ljocht
de oaljefant: ‘Ik bin…

… op ierde kommen
troch de see, in byld dat slyt,
want ik ha neat te kiezen,
kom nea tichter by de kant,
myn kleur is brutsen wyt.’

* Foto ‘By it La Celvia-strân’

admin

Iiskâlde jacht

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ochotsk, de kâlde see by Ruslân,
dêr hat de orka syn ferbliuw,
de kjeld kin him net deare,
syn gedrach hat fan in liuw.

It reade sein is wite azem:
gefaar foar elk dier yn de buert,
dat op syn iepenst wêze
sil, faak nei de fierte kuert.

De orka is op see de rôver,
dy’t ûnderweis is nei de bút
 mei flymjend skerpe tosken,
’t bloed spat alle kanten út.

Ochotsk sjocht mannich orka jeien,
bliuwt iiskâld ûnder ’t wreed bedriuw,
gjin orka is te kearen,
’t leit no ienkear oan syn driuw.

* Foto ‘Orka yn de See fan Ochotsk’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum