mei 27, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Se dobberje allinnich mar,
de swannen mei in swarte kop,
dy’t libben der net wêze kinne
of ’t moast wêze út ’e tiid
fan reuzefûgels, fier foarhinne.
De swannen driuwe op ’e mar
foar bern, sy sitte dêr grutsk op,
al fantasearjend dat sy klimme
nei Osorno, de fulkaan,
dêr’t gletsjers yn de sinne glimme.
Osorno stekt syn kop heech op
en spuit soms fjoer en jiske út,
feroaret snie, lit wetter rinne
by de helling del, de mar
yn, dat de swannen hichte winne.
De sylboat slacht foar master op
en soeverein de wjukken út,
wylst stive swannen net iens swimme
kinne… foar de boat rom baan
om mei de wyn ’t derfan te nimmen.
* Foto ‘Fulkaan Osorno yn Chily mei swannen’
** Foto ‘Fulkaan Osorno mei in sylboat’
mei 20, 2022
fan ûnbekend*
It binne tuskenbeammen,
tusken lân en wetter yn,
grien tusken de kanalen,
as beskermers tsjin de wyn.
Sa kin de fisker fiskje
sûnder dat syn wiffe boat
beweecht troch hege weagen,
’t is syn favorite oard.
Wannear’t de wyn oanhellet,
wurdt sa sterk as in orkaan,
dan kinne de mangroven
oan it lân beskerming jaan.
Vietnam hoecht sa gjin diken,
fynt beskerming by it grien
fan beammen yn it wetter,
hat dêrmei syn foardiel dien.
De fisker rikt nei boppen,
fangt ek mango’s fan de beam,
it giet foar him sa dûbel-
op, ’t bestean as yn in dream.
* Foto ‘Mangrovebeammen yn Vietnam’