juni 4, 2022
fan ûnbekend*
It leit net yn it sintrum fan de wrâld,
mar earder oan de ein,
it lânskip liet net fan him sprekke,
yn dy tiid wie ’t dêrmei sein.
Mar dochs… syn tinten binne mannichfâld
op heuvel, yn fallei;
wat ûnder is, komt fel nei boppen,
ûnder is ’t net inkeld klaai.
Wat yn de grûn sit, liet it folk earst kâld,
’t moast komme troch de tiid,
it libbe net fan mineralen,
boppe wie ’t bestean in striid.
Doe kaam de tiid dat rûnom yn de wrâld
it folk de kleur ûntdiek,
de bloei fan koper út ’e djipte
wei, wat minsken sterk oanspriek.
De ûndergrûn sprekt tal fan skôgers oan
mei kleur, in skilderij
dat kommen is út keunstners djipte
wei, hiel oars as Ingelsk raai.
* Foto ‘Dongchuan-distrikt yn Sina’
mei 27, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Se dobberje allinnich mar,
de swannen mei in swarte kop,
dy’t libben der net wêze kinne
of ’t moast wêze út ’e tiid
fan reuzefûgels, fier foarhinne.
De swannen driuwe op ’e mar
foar bern, sy sitte dêr grutsk op,
al fantasearjend dat sy klimme
nei Osorno, de fulkaan,
dêr’t gletsjers yn de sinne glimme.
Osorno stekt syn kop heech op
en spuit soms fjoer en jiske út,
feroaret snie, lit wetter rinne
by de helling del, de mar
yn, dat de swannen hichte winne.
De sylboat slacht foar master op
en soeverein de wjukken út,
wylst stive swannen net iens swimme
kinne… foar de boat rom baan
om mei de wyn ’t derfan te nimmen.
* Foto ‘Fulkaan Osorno yn Chily mei swannen’
** Foto ‘Fulkaan Osorno mei in sylboat’