augustus 5, 2022
fan ûnbekend*
Wat stelt Taiwan eins foar
ferlike mei broer Sina?
It eilân telt net iens foar twa
en is ôfhinklik fan in oar.
De wolken komme oer,
feroarje yn in dize,
sadat de mar noch net te sjen
is… komt de sinne op ’en doer?
De skiednis jout beskie:
lang libje dêr de Tao’s
mei timpels dy’t noch takomst ha,
de goaden biede oan har rie:
‘De sinne jout de kâns
om yn de mar te swimmen
in wedstriid mei it karnaval,
de geast en ’t lichem yn balâns.’
De moanne brekt by nacht
ek troch… wat soe broer Sina
dan as Taiwan noch swimme kin,
it eilân hat it yn de macht.
* Foto ‘Boppe Sun Moon Lake’
juli 29, 2022
fan ûnbekend*
Wat Korsika te bieden hie,
wie keizerlik: Napoleon,
dy’t op dit eilân berne waard,
hy groeide út ta hurde rots,
lykas ‘Calanque de Piana’ wie.
Wat Korsika te bieden hat,
is manjefyk: in rûge kust,
‘Calanque de Piana ‘ as
traktaasje foar wa’t skôgje wol
wat troch de iuwen hinne bliuwe moat.
Wêr’t Korsika oan tinken docht,
is keizerlik en manjefyk:
de macht en tagelyk de krêft
dy’t útgiet fan ravyn en rots,
sa komt it eilân dûbel yn it ljocht.
Foto ‘Calanque de Piana’