april 28, 2023
fan ûnbekend*
Pylders, heech oprizend
út ’e baai, fertelle gjin ferhaal
oer goaden dy’t it goed foar ha
mei minsken yn in frij bestean,
mar byldzje út om fan te grizen.
In draak dy’t út ’e hichte
delkaam, swaaide mei syn lange sturt
de kalkstien-bergen útinoar…
wat kin dan as gehiel bestean?
De frijheid sakket nei de lichte.
Vietnam, do lân fan ’t striden
ûnder machten wei foar in bestean
yn frijheid, bist no sels de draak
foar minsken, stribjend nei in frij
bestean, dyn sturt lit harren bliede.
Foto ‘Ha Long (draak dy’t nei ûnderen komt)
yn Vietnam’
april 14, 2023
fan ûnbekend*
Se rêste op ’e platen
yn de djipte fan de oseaan,
dy’t altyd yn beweging binne,
lykwols lykje de Azoaren
stil te lizzen, rêst te jaan
oan lju mei nocht oan rinnen.
Azoaren mei syn hichten,
opdûkt troch it fjoer fan de fulkaan,
dy’t spuide lava út ’e krater
nei de djipte mei de puollen,
boarreljend om lûd te jaan…
sa’n eilân is in prater.
De lju mei nocht oan rinnen
harkje nei it lûd fan de natoer
en sjogge mei ferhearde eagen
nei de resten fan ’t ferline,
want sa bleau dit eilân oer,
heech optild boppe weagen.
* Foto ‘Ien fan de eilannen
fan de Azoaren’