Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Wittenskiplik skilderij

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Gjin keunstner kin it meitsje:
in ûnbidich skilderij,
bewegend yn de oseaan,
de kleuren sille kenners reitsje.

Miljoenen wolle groeie,
plantsjes mikroskopysk lyts;
wannear’t it wetter waarmer wurdt,
begjint it plankton rynsk te bloeien.

De keunstner sil dus hjitte
Plankton yn massale Bloei,
it doek is dan de oseaan…
wa kin sa’n skilderij ea mjitte?

* Foto ‘Fytoplankton yn de oseaan’


admin

Fleanend rinne op Bali

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Lit yn de nacht it each gean
oer de makrokosmos
en men sjocht it stjerreljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat men wjukken krijt
en nei de stjerren fljocht.

Lit my nei Bali fleane,
lânje tusken heuvels
yn it kleare sinneljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat ik fuotten krij
dy’t nimme bocht nei bocht.

Lit dan by dei myn each gean
oer de mikrokosmos
en ik sjoch de fjilden oer,
al rinnend kom ik op ’e wjuk
en flean oer ’t bochtich paad,
al skôgjend de natoer.

Foto ‘Campuhan Ridge Walk op Bali’






Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum