Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Natuerlike keunst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Fan ûnderen mar ek fan boppen
hawwe keunstners oan it wurk west,
sadat in keunstwurk is ûntstien;
de hichten en de lichten
yn in geologysk park
ferplichten ta gedichten.

Fan ûnderen ûntstiene foarmen
troch útbarstings út ’e djipte,
sa wie de byldhouwer oan ’t wurk;
de wyn en ’t wetter wiene
skilders, wurken sûnder ark,
wat sy al tiden diene.

It binne de reinbôgebergen
dy’t oproppe de ferbylding
fan dichters, keunstners fan it wurd;
de hichten en de lichten
fan in ynspirearjend park
ha ta de died ferplichte.

* Foto ‘Geologysk park yn Gansu, Sina’

admin

Klimaat fan Arcachon

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It streamt mar troch by Arcachon,
ien stream troch wiete greiden,
útkommend yn de oseaan,
de twadde by de kust lâns,
dy’t soarget foar in myld klimaat.

Sjedêr de baai fan Arcachon,
dêr’t siken har sûn baaiden
yn ’t wetter fan de oseaan,
it streamde by de lea lâns,
de Golfstream skinkt in myld klimaat.

De oesters groeiden dêr as slaad
troch ’t wetter dat waarm aaide,
om letter harren oer te jaan
oan wa’t foar ’t gastmiel lâns kaam,
se soargen foar in goed klimaat.

* Foto ‘Sicht op ’e baai fan Arcachon (Frankryk)’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum