Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Oerwâld-bylden

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Bylden út in fier ferline
rize út ’e grûn wei op
yn ’t keale gea fan Arizona,
dêr’t gjinien te finen is,
wol spilet wittenskip foar wis.

Bylden kinne ’t lot fertelle
fan it oerwâld dat dêr wie,
de beammen waarden tsjok bedobbe
troch de jiske fan it fjoer
dat lôge ’t hiele lânskip oer.

Hout feroare yn kristallen,
dat in stam waard sa in byld
dat útstiek boppe ’t flakke lânskip,
sa ûntstie in iepenloft-
museum foar in duorjend skoft.

* Foto ‘Jasper Forest yn Arizona’

admin

Salzkammergut

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It grien-blau sprekt fan bosk en wetter,
bergen rize fier de hichte yn
en sizze neat oer wat dêrûnder leit,
mar wa’t wat djipper graaft, wit better.

It wetter kin men feilich priuwe,
smakket swiet lykas yn elke mar,
mar hoe’t it yn de âldste tiden wie?
Doe sweefden boppe see de miuwen.

De see kaam fierder as tsjintwurdich,
fierde sâlt en ek de miuwen mei,
de miuwen yn de loft, de grûn fol sâlt,
dat graven wie de muoite wurdich.

Salzkammergut, natoer en minen,
beide ha te krijen mei de smaak:
it priuwen fan it sâlt… bosk, berch en mar,
sa kin men alles goed ferbine.

* Foto ‘Salzkammergut yn Eastenryk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum