augustus 11, 2023
fan ûnbekend*
Wol trije muorren om ’t kastiel,
massyf de stiennen tuorren,
dy’t it holden tsjin geweld,
gjin ridder koe it rêde
om yn te nimmen fort en siel.
De leafde spile ek in rol:
Bianca Pellegrini
wie maîtresse fan har hear;
in Pier Maria Rossi
hold it oant de dea ta fol.
De fresko’s, oan har leafde wijd,
fertelle net fan tuorren
dy’t it holden tsjin geweld,
mar byldzje út yn kleuren
wêr’t de fijân poer oer swijd.
* Foto ‘Kastiel Torrechiara yn Italië’
juli 28, 2023
fan ûnbekend*
Lykas de berch fielst dy ferlern
yn de fallei fan Ordesa:
wat is in minske tusken hichten?
Noch lytser as in krûpend bern.
De berch ferlear syn wite top
dy’t stadich nei de lichte glied
om as kâld wetter del te kommen,
hy kaam der nea wer boppe-op.
Wat ûnder bliuwt, is de fallei,
oantinken oan it skowend iis,
dat út ’e berch de stikken hapte,
dat selskip is foargoed foarby.
As selskip hasto noch de berch,
dy’t folle âlder is as dy,
as krûpend bern sjochst nei syn hichte:
de goede reus en do as dwerch.
* Foto ‘Ordesafallei yn de Pyreneeën’