oktober 13, 2023
fan ûnbekend*
Sjedêr in prachtich bouwurk
fan it trijeplatepunt:
in rûn fulkaankompleks
mei wetter út ’e himel
dat fiedt it griene gea…
fan de natoer in stunt.
Djip ûnder de Azoaren
komme trije platen gear,
wat hat wol wat fan seks,
it trillet en it skoddet,
men fielt it oan de lea…
se kamen eartiids klear.
Bern binne de Azoaren,
kreas fan oansjen, heech fan stal,
fan aard wol wat kompleks,
se stribje nei de himel
op ierde, gean nea dea…
foar ivich yn har rol.
* Foto ‘Lagoa de Santiago
op ien fan de Azoaren’
september 29, 2023
fan ûnbekend*
Se ha har deistich wurk wer dien,
it dûken nei de glêde iel,
mar watfoar fisk ek foar har swimt,
sels grutte glide troch de kiel.
Gjin swarte goes en ek gjin raaf,
as ielgoes giet er troch de tiid,
hy is himsels, swimt, dûkt en klimt
en spriedt op tiid syn wjukken wiid.
Yn Fryslân wurdst him ek gewaar,
mar fierderop dûkt hy ek op,
by Aswan klimt er op in rots,
rêst bringt him der wer boppe-op.
De iel swimt yn syn mage om,
mar wurdt úteinlik wol de bút
dy’t stadich op ’e rots fertart,
de bonke koarret hy dêr út.
* Foto ‘Ielguozzen op ’e rots yn de Nyl’