november 3, 2023
fan ûnbekend*
De bergen sjogge derop del,
net inkeld op de griene flakte
en it oerbosk fierderop,
se seagen legers yn de striid…
Bosnië as hel.
Manmachtich kamen Dútsers del
om fan de Bosniërs te winnen
bergen, flakten, ek it bosk,
mar sy ferlearen dêr de striid…
Bosnië yn tel.
Manmachtich kamen letter del
de Serviërs, it bruide hinne
wer, ’t rûn út op massamoard:
achttûzen rekken út ’e tiid…
Bosnië as hel.
De bergen sjogge derop del,
op swinen, wolven, ek op bearen,
’t is it nasjonale park
fan Bosnië yn dizze tiid…
heech is ’t lân yn tel.
* Foto ‘Nasjonaal park Sutjeska
yn Bosnië-Herzegovina
oktober 27, 2023
fan Martin Johnson Heade*
De kamera leit bylden fêst
fan ’t lânskip wêr op ierde ek,
sa wurdt de werklikheid werjûn;
it skilderseach heint bylden op
fan ’t lânskip sûnder fêst te lizzen,
mar set geast en hân oan ’t wurk,
fêst hat sa’n byld wat mear te sizzen.
Lit Johnson Heade syn gong mar gean,
hy klimt net by de bergen op,
mar hat it each op ’t plattelân,
de greiden oan de eastkust fan
Amearika, dy’t iepen lizze
foar it each, safier’t dat rikt,
hy lit syn byld syn wierheid sizze:
Sjoch hoe’t de himel en it fjild
harmoniearje troch it ljocht,
dat mei syn strielen ’t fjild optilt.
* Martin Johnson Heade (1819-1904)
Skilderij ‘Newburyport Meadows’